FryslânDOK
Weromsjen

FryslânDOK

20 febrewaris 2022 17:00 - 17:35

De FryslânDOK 'Misschien zie 'k je nooit meer' fertelt it ferhaal fan fersetsman Lolle Rondaan, oan 'e hân fan krekt ûntdutsen brief- en deiboekfragminten. Fan syn earste moeting mei it Amsterdamske famke Riek Stork, oant de werbegraffenis op de Eerebegraafplaats Bloemendaal.  "Och Jongen ik voel mij zoo ongelukkig. 't Is zoo erg dat je er niet meer bent. Misschien zie 'k je nooit meer. Wat moet ik dan doen? Dan is alles uit. Alles. We hadden het zoo prachtig samen." Dit skreau de 22-jierrige Riek Stork yn har deiboek op 3 desimber 1943. Flak dêrfoar wie har ferloofde Lolle Rondaan oppakt. Op 16 febrewaris 1944 waard er deasketten. Riek kaam nea mear oer de klap hinne. Seisbierrum Lolle siet yn in fersetsgroep mei as thúsbasis buorkerij Liauckema State yn Seisbierrum. Op 25 septimber 1943 oerfoel de knokploech it gemeentehûs fan It Bilt yn Sint Anne. Dêrby waard it befolkingsregister en in grut tal blanko persoansbewizen bútmakke. Yn novimber 1943 waard de groep ferret en oppakt. Der wachte harren swiere mishanneling yn it beruchte Scholtenhús yn Grins. Fiif leden fan de groep oerlibben de oarloch net. Rekonstruksje By histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert wurde argyfstikken oer dizze fersetsgroep bewarre, mei dêrby persoanlike dokuminten. Nij ûndersyk makke it mooglik om in detaillearre rekonstruksje te meitsjen fan de perioade tusken de arrestaasje fan Lolle en syn dea. Yn de FryslânDOK 'Misschien zie 'k je nooit meer' stappe makkers Timo Brinkman en Janjelle Ringnalda yn de fuotspoaren fan Lolle Rondaan. Sneon 19 febrewaris NPO2 15.30 oere (werhelling 20 febrewaris 13.10 oere) Snein 20 febrewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)